Pinksterdienst_2022 Pinksterdienst_2022
Pinksterdienst op het binnenplein van Poptaslot op 5 juni 2022.

Voor de 16e keer is de Pinksterdienst gehouden op het Poptaslot. Het thema van de dienst was HOPE SET IN MINSKE YN BEWEGING.
De afgelopen twee jaar kon de Pinksterdienst in deze vorm niet doorgaan in verband met de corona. Voor het eerst werd de Pinksterdienst georganiseerd door de diaconie Bitgum e.o. Daarvoor was het in handen van de ZWO-commissie. Voor de slotbewaarder van het Poptaslot was dit de eerste keer. dhr. G.R. Boon had samen met zijn partner heerlijke koffie gezet en voor de kinderen was er limonade.

Bakkerij Friso was gevraagd de cakes te bakken. Er was keuze uit naturel, citroen en marmercake. De marmercake was favoriet bij de bezoekers van de Pinksterdienst. Voorganger in de dienst was ds Hinke Post-Knol. Zij heeft ook de liturgie gemaakt.

De brassband “Looft den Heer” ,o.l.v. Gijs Heusinkveld, heeft gezorgd voor de prachtige muzikale omlijsting. De techniek was in handen van Siebert de Ruiter. Tijdens de dienst werd het Pinkstervuur ontstoken. Door een mengsel van zout en spiritus te ontsteken ontstond een prachtig oranje vuur. Ook werden er 7 rode kaarsen aangestoken ”as ferwyzing nei de fruchten fan de Geast:Hoedenens, rjochtfeardigens, selsbeheersking, moed, fertrouen, hope en leafde”. De aanwezige kinderen hebben o.l.v. de bernestjerkelieding houten duiven voorzien van prachtige kleuren als oproep om elkaar “wat op te fleurjen yn it teken fan de Hillige Geast”.

Wat hebben we het getroffen met het weer! De opkomst was als vanouds. Er waren 175 liturgieën en dat was te weinig. Onze dank gaat uit naar alle vrijwilligers die hun medewerking hebben verleend vóór, tijdens en na de dienst. De collecte voor Kerk in Actie met project “Toekomst voor arme boeren in Zuid-Afrika” heeft € 550,90 opgebracht. Een prachtig resultaat. Namens de diaconie van PKN Bitgum e.o. Detty de Jong- van der Bij.
 
2022 2022
Drokke wykeinen.

Net allinne om ús hinne oeral yn Fryslân, mar ek op it tsjerklik mêd yn Bitgum e.o hawwe we in pear drokke wykeinen hân. Earst wie it de oars as oars tsjinst 18 septimber, en it wie oars, de startsnein anneks nachtmiel. In keuze tsjerkemenu mei trije gongen. Wolkom yn’e Molewjuk mei kofje en oranjekoeke, dan de twadde kar, tarieding fan it miel en de bysûndere hapkes, dipkes, sauskes, smaarbûter, fruchten, radyskes en komkommer. Of de tredde kar, mei dominy nei tsjerke om te sjongen en te harkjen nei de taljochting fan wat dizze snein wol bringe mocht. Nei dizze koarte tsjinst wer nei de Molewjuk, om dan mei-inoar yn in romme kring, nei de seine en gebed oan te skowen foar de sop en it bysûnder útgebreide miel, dat men sels nei behoefte ophelje koene. Der wie mei man en macht oan wurke, hiel bysûnder , it wie geweldich en suver oerdiedich. Mar it goede boadskip wie, dat de opbringst fan de kollekte nei de bank gie, yn dit gefal de voedselbank. Dan sneon 24 septimber. It reiske fan de tsjerkeried en meiwurkers, 13.00 oere start en yn brutsen kolonne nei Boalsert. Op nei van Buren al sûnt 1861 it bedriuw foar de ferwurking fan kowehûden, skiepefluezen en wat foar jas as it bist ek mar oan hân hie, gjin hinnefearren sa goed as ik wit. De lucht wie der dêr wol ôf, want de loaierij sa as dat hiet, dat diene se dêr net mear oan hûs, alles kaam betreklik skjin it bedriuw yn. Frachten skieppefluezen leine op bewurking te wachtsjen en frachten wiene kant en klear foar ferkeap, ek in protte byropdukten warren hjir makke b.g. taskes, rimen, moffen beurzen en sels toffels.
Naaie, knippe, snije, kamme en skeare en wat der by wei foel is mei nei Bitgum/Bitgummole gien dizze sneon. Nei in bak kofje mei in skieppepoatsje gie de reis op nei Tsjerkwert. It doarp dat leit oan it wetter fan de Boalserter feart, dêr soene we de tsjerke besjen, no dat wie tige de muoite wurdich, want wie it net dat ek ús Bitgumer edelfrou Rixt fan Donia hjir yn dizze tsjerke har lêste rêstplak fûn hie. Rixt van Donia hikke en tein op Hemmema lette Doniastate state op’e achte binnen de poarte te Bitgum/Menaam. Hja wenne mei har man Watze van Kamminga sawol op Hemmemastate, it Amelânshûs te Ljouwert as sa wol op Waltastate te Tsjerkwert, hja hiene it mar foar’t útsykjen.
Rixt van Kamminga- van Donia, wie jierren lang de rykste frou fan Fryslân, doe’t hja ferstoar wie der gjin neiteam mear dizzen wiene har allegearre al foargien. De fiere nichten fan Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, de earste stienlizzer fan de Bitgumer tsjerke Isabella Suzanne en har nicht fan Anjum, Helene Maria erfden elk de helte fan it besit en fermogen. Sa makke Tsjerkwert Bitgum ryk en wie hjir it taastbere bewiis yn’e tsjerke te sjen in pracht epitaaf wat earst noch moaier en grutter west wie, mar yn 1795 ek net oan de fernielsucht fan it folk ûntkommen wie en letter wer ienfâldiger op set is. Der sit in pracht fan oargel yn dizze tsjerk op in bysûnder plak, yn it koar ynstee fan boppe de yngong fan de foartsjerke. Mar it wie der net minder om, dominy Ulbe Tsjallingiï hat noch efkes hearre litten dat hy elk oargel de baas is, ek dit prachtige ynstrumint mei it geloof, hoop en de liefde op de oargeltuorren.
De preekstoel wie ek ryk fersjoen mei snijwurk en in bysûnder paniel fan de likenis oer de balke en de splinter yn it each. Wy moasten efkes earder nei hûs , mar it selskip is letter ek nei Bitgummole taset en hat noch yn’e molewjuk meielkoar iten, as ôfsluting fan dizze sneon.

Klaas Abe.