mededelingen mededelingen

Krystsjongjûn 24 desember 2022.

De tsjerke fan Bitgummole siet sneon te jûn mei de krystsjongjûn net fol. Nee der hiene noch wol minsken by kinnen.
Dat lei him net oan it programma want dat gie flot genôch en wie ek net toar. In prachtich flot en fleurich optreden fan de “Wodkapel”mei de noadige swung.

Moaie lieten om meielkoar te sjongen ôfwikseljend mei begelieding fan oargel en koper en sa no en dan in stichtlik wurdsje, want we moatte op’t lêst wol witte wêr’t it om giet. It oantal besikers foel wat ôf, nei de korona tiid doe’t alles oergien moast, hie ik wat mear publyk ferwachte.

En dan komt by my it byld wer boppe fan begin 80,er jierren doe’t de tsjerken letterlik en figuerlik út-puollen op de krystsjongtsjinsten en wy as kommisje sels twa tsjinsten yn Bitgum hiene om de minsken plak jaan te kinnen op’e krystjûn.

Dat hat west en ús doarpen binne stadichoan mei de kryst in ljochtstêd wurden ek in foarm fan fieren, en al dy lamkes, pegels, stjerren, beammen allerhande figuren en gevels fol ljocht, dat freget ek wat fan de mins, it ljochtsje-feest dat hjir hinne oerwaaid is, hat aardich terein wûn yn dizze wrâld.

Mar it echte ljocht fan dizze wrâld, it ljocht wêr’t it mei de kryst echt omgiet dat liket sa te sjen fergetten.



Klaas Abe.

 

terug