Nijs fan Protestantse Kerk Classis Fryslan Nijs fan Protestantse Kerk Classis Fryslan
Scriba: Hanneke Dijkstra | 0512-363548 |classisfryslan@gmail.com
Classispredikant: ds. Riemer Praamsma | 06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl
Minsken fan ‘e wei
Nijsbrief fan ‘e klassis
Jiergong 2025
Nûmer 3
‘Ûnder de sinne is neat gjin nijs.

Seit ien fan in ding: Sjoch, wat nijs!
– it wie der al lang yn ’e tiden 
dy’t fier foar ús west ha.’
(Preker 1:9-10, NFO)
Sjoch, wat nijs!
De maitiid is de tiid om wat nijs te begjinnen, dat 
betiden niks nijs is. De beammen wurde grien, de 
fûgels bouwe harren nêst en minsken fiele flinters 
yn it liif. Dêr hearre ek nije ynisjatyven foar de 
tsjerke by en dêr jou ik jo op dizze wize graach in 
hiele rige fan mei.
Nije ideeën foar it jongereinwurk
Om te begjinnen is der op de jûn fan tongersdei 8 
maaie op It Hearrenfean in ynspiraasjejûn foar it 
jongereinwurk. De eigen wurkgroep hat yn 
oparbeidzjen met Roetz (foarhinne it YMCA) in 
kreas programma gearstald om it tema 
‘Impactmakers’ hinne. Nei in mienskiplik miel en in 
koarte iepening geane we oan de slach mei twa 
kear in workshoprûntsje. Dêrby kin der in kar makke 
wurde út: (1) “Help, dielnimmers, en wat no?” oer 
de groep en hoe dêr in programma op ôfstimd 
wurde kin; (2) “Bern, my in soarch; ûntrêstigjende 
sinjalen by bern”, oer wast sjochst en der mei 
dwaan kinst; (3) “Godly Play” oer Bibelferhalen en 
om dy nijsgjirrich tichter by bern te bringen; (4) 
“Focus op pubers!” oer dizze moaie jierren en 
harren prachtige fragen; en (5) “Kliederkerk bûten” 
wêr ast ek echt nei bûten giest om te sjen wat dêr 
mei bern te dwaan is.
It begjint om 18.30 oere foar wa mei yt en om 19.15 
oere foar wa allinnich de iepening en de workshops 
mei dwaan wol. It plak en adres is Trinitas, 
Coehoorn van Scheltingawei 1, It Hearrenfean, op 
tsien minuten rinnen fan it stasjon. Wa mear witte 
wol of har/him opjaan wol, kin dat dwaan by 
Dorette van Houten (d.vanhouten@planet.nl). Of 
sykje op de website fan Roetz Nederland by
‘Impactmakers’. 
Nije ideeën foar Griene Tsjerke
Groene Kerken Fryslân organisearret tegearre mei 
Solidair Friesland foar sneon 10 maaie de 
ynspiraasjedei ‘Groene Hoop doet Leven’, fol mei 
ferhalen en nije ideeën om it thús en by tsjerke 
noch wat griener te meitsjen. Fan 10:00 oant 15:30 
is der in programma op Foarwei 45 yn 
Kollumersweach. De tagong is fergees. Foar 
ynformaasje en oanmelden kinne jo telâne by 
gkf@solidairfriesland.nl. Sels graach in brochje 
meinimme foar it middeismiel. Foar drinken en sop 
wurdt soarge. 
Nij mail adres foar de klassis
It hat miskien net folle om ‘e hakken, mar dochs is 
in mail adres faak it begjin fan in pasjend antwurd 
of in goed idee. Dat is seker sa foar it adres fan ús 
klassis, want ús skriba kin der foar soargje dat jo in 
goed antwurd krije of goed trochferwiisd wurde. 
Dat mail adres is no keppele oan ús website en is: 
scriba@classisfryslân.nl. Foar de skriba’s fan de 
gemeenten is dit in adres om yn in listke neist de 
PC te hingjen. 
Nije mooglikheden foar tsjerklik wurkers
Sa’t jo mooglik hjir en dêr lêzen hawwe komme der 
nije mooglikheden foar tsjerklik wurkers yn ús 
tsjerke. It duorret noch wol twa jier ear’t it 
oannommen plan ek útwurke en jildich is, mar dan 
krije tsjerklik wurkers en tsjerklik jongereinwurkers 
lang om let it plak dêr’t se rjocht op hawwe. 
Scriba: Hanneke Dijkstra | 0512-363548 | scriba@classisfryslan.nl
Classispredikant: ds. Riemer Praamsma | 06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl
Dat jildt lykwols allinnich foar harren dy ‘t ek echt 
tsjerklik wurker binne: dêr sil better op hifke wurde. 
Dêrom nûgje wy alle tsjerklik wurkers, jongerein- en 
opbouwurkers dy ‘t net registrearre binne út foar in 
jûne om te sjen hoe’t wy de saak goed foarinoar 
krije kinne. Dy jûne is op 3 juny om 19:30 yn De 
Oerdracht op ‘e Jouwer. Oanmelde kin oant 19 
maaie by scriba@classisfryslân.nl. 
Nije foarsitter CCV
‘Fisitaasje’ fine in soad tsjerkeminsken in eang 
wurd. Tinkst derby oan ‘rúzje’, ‘spanning’ en 
‘losmakking’. Dat binne yndie saken dêr't 
fisitatoaren faak mei te krijen hawwe mar dan op 
deselde wize wêrop de brânwacht mei ' brân' en de 
toskedokter mei 'pine yn ‘e mûle' te krijen hat. 
Dêrom falle brânwachtmannen, toskedokters en 
fisitatoaren ek faak sa ta as je se yn it echt 
tsjinkomme: se binne der om problemen foar te 
kommen en te ferhelpen, net om problemen te 
meitsjen. 
Fisitatoaren binne bemiddelers. Dêr't in tsjerkeried 
der efkes net útkomt mei-inoar, besykje se de saak 
wer flot te lûken. En dizze ploech bemiddelers hat 
sûnt koart in nije foarsitter: dr. Alco Meesters. Op 
snein 11 maaie wurdt er om 14.00 oere as 
predikant yn algemiene tsjinst oan ús klassis ferbûn 
yn de tsjerke fan Steggerda, dêr't er ek gewoan 
gemeentepredikant bliuwt. Jo binne fan herten 
útnûge om dizze tsjinst by te wenjen. 
Ofgeand foarsitter ds. Idske van der Pol nimt ôfskied 
yn de fesper foarôfgeand oan de klassis op 22 
maaie. Ds. Van der Pol hat by in soad saken yn ús 
klassis yntinsyf belutsen west en hat benammen ek 
har ploech bemiddelers laat en de nijelingen ûnder 
harren ynwurke en oplaat. 
De fesper begjint om 19.15 oere yn de 
Martinitsjerke, Breedeplaats 2 yn Frjentsjer. Ek it 
earste part fan de klassisgearkomste sels is de 
muoite wurdich om by oanwêzich te wêzen. Der is 
û.o. in presintaasje fan Godly Play, in moaie 
gelegenheid foar wa't de ynspiraasjedei foar it 
jeugdwurk mist hat.
Nije ôfspraken foar “Feilige Tsjerke”
Op 1 july gean de nije regels foar “Feilige Tsjerke”
yn. Dêr hawwe al hiel wat minsken drok mei 
dwaande west. Op de webside fan de lanlike tsjerke 
stiet in handich oersjoch (sykje dêr op ‘Veilige 
gemeente’). Fanút de klassis krije tsjerkerieden, om 
dizze tiid hinne, in wiidweidige mail mei noch wat 
puntsjes op de ` i '. Sa is der in list fan tsien 
bertrouwenspersoanen foar wa’t binnen de eigen 
gemeente gjin hat. Op dizze wize moatte we in hiel 
ein komme mei-inoar.
Nije webside Tsjerke en Media
Al jierren stjoert Omrop Fryslân alle sneinen in 
tsjerketsjinst út fan in gemeente yn de provinsje. 
De wurkgroep dy’t dit fersoarget is de Stichting 
Tsjerke en Media. De tsjinsten binne, behalve op de 
telefyzje, ek werom te sjen op de webside ( 
tsjerke.media ). Hâld dat goed yn’e gaten: yn de 
kommende moannen sil de webside yngeand 
fernijd wurde.
Sjoch, wat nijs!
Soe de Preker fan al dit nijs ek sizze: “It is eat dat 
der al wie yn de tiden dy’t fier foar ús west ha”? Nei 
alle gedachten wol. “Us beppe die dat al mei 
flanelplaten”, “Mei in postdo kin it ek”, Dy nije 
foarsitter wurdt ek wol wer âld”, Eartiids hiene wy 
ek al oefeners op de preekstoel”. En: “Us pake en 
beppe libben al sober en grien, dy koene ek net 
mear betelje”. Ja, dat is wier. En dochs sykje wy 
hieltyd wer wat nijs om oan elkoar te fertellen, 
miskien omdat it echt Nije hast net yn wurden te 
fangen is. Mei Peaske besykje wy om fan dat Nije te 
sjongen en it giet dan as in ljochtsjend fjoer troch 
de tsjerke: “Hy libbet!”. Wy flústerje it mear as dat 
wy it lûdop sizze , sa slim is it om it te begripen: “Hy 
is opstien! God bliuwt trou oan Syn skepping”.
En ek hjir hat de Preker wer gelyk: sa wie it al fan 
âlde tiden ôf. Mar krekt dat jout moed foar ús eigen 
tiid. De Hear dy’t ea mei it projekt ierde begûn, dy 
lit dat tsjin alles yn net los. It grutste Nijs is dat God 
noch altiten deselde is. 
Dat al ús nijs dêr wat fan wjerspegelje mei. 
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma
classispredikant
terug