Diakony Diakony

Protestantske Gemeente Bitgum e.o. 

IT WURK FAN IT KONSISTOARJE 

It konsistoarje is de namme fan it pastorale team fan ús gemeente dat bestiet út:  
de pastorale âlderlingen, de pastorale besikers en de dûmny.  

Sybe Bloem is foarsitter en Coby Jongbloed skriuwer fan it konsistoarje.  
Sy en dûmny Ulbe Tjallingii stjoere it pastorale wurk oan, hâlde oersicht en regelje wat dien wurde moat. 

Fjouwer kear yn’t jier besprekt it konsistoarje yn in gearkomste iepenhertich én strang fertroulik it pastoraat yn ús gemeente en mienskip. De ferantwurdlikheid fan al it tsjerkewurk leit by de tsjerkerie. 

Mei elkoar en yn goede gearwurking behertigje de leden fan it konsistoarje:  

  • it besykjen fan en omsjen nei gemeenteleden en doarpsgenoaten; 

  • yn it bysûnder oandacht  en omtinken by berte, jubileum, jierdei, sykte, rou of ferstjerren, en yn oerliz mei de tsjerkerie oandacht by doop, houlik en belidenis; 

  • de gruthúsbesites yn gearwurking mei de pastor; 

  • tsjinst dwaan as amtsdrager fan tsjinst by in earetsjinst (nij eigen kar); 

Wurkwize by in útfeart, begraffenis, kremaasje:  

Meastentiids hat de dûmny, yn kontakt mei foarsitter en skriba, it oersicht as de tsjerke belutsen wurdt by in ôfskie, begraffenis of kremaasje. Dûmny ynformeart de skriba en dizze beide ynformeare de belutsen pastorale âlderlingen en besikers oer de kommende útfeart en regelje dat in lid fan it konsistoarje plus in diaken mei de foargonger de tsjinst liede. Yn goed oerliz wurdt ôfstimd wat ferskate taken wêze kinne, ôfhinklik fan de winsken fan famylje en neisten. It betinken fan ferstoarnen yn de sneinse earetsjinst wurdt earst goed oerlein mei de belutsen famylje en neier tared troch foarsitter, skriba en dûmny.  

Pastorale yndieling fan ús gemeente: 

Wijk 1: BITGUM en MENAAM 
1a. Alddyk- Buorren - Pompsteech - St.Martinuspaed - Tramdyk- Langhuisterweg 
1b. De Tolve - Doniastrjitte - Hillige Kamp - Schwartzenbergstrjitte. 
1c. Berltsumerdyk – Bessebuorren - De Bodde – Hoarslânsdyk – Liuwesingel – Sânwei, De Gripe en Grêftswâl, & Dyksterhuzen:  
1d. Feartswâl - Frânskeleane - De Kamp - Hemmemastrjitte - Jonkersleane - De Kline - It Tiltsje – Westerwirdsleane 

Wijk 2: BITGUMMOLE NOORD 
2a. J.H. van Aismawei (oneven) - Sikkemabuorren - Hogerhuisweg - Lytsedyk - Moalderspaed -Nijlânsdyk 
2b. Súdhoekstermiddelweg - Hamerenweg, Froubuorren - Langestraat  
2c. It String, J.H. van Aismawei: even nrs. t/m 36 - It Bosklân - de Hammeringen: even nrs. 
2d. J.H. Aismawei: even nrs. vanaf nr. 36, Bitgumerdyk, Menaam - de Hammeringen: oneven nrs. - Kl. v.d. Meijstrjitte - Fourmanderij. 
2.e. It Bosk - Ingelumerdyk – Menamerdyk - Terhornestrjitte. 

Wijk 3: INGELUM 
 
Wijk 4: MARSUM 
 
N:B gemeenteleden dy’t om útens wenje krije pastorale soarch fan dûmny en de eardere âlderling/besiker fan de (eardere) wyk. 

Foar neiere ynfom oer it pastoraat yn de gemeente kin kontakt lein wurde mei de tsjerkerie. 

 

terug