Startsnein 2022 Startsnein 2022
350 jier Martinustsjerke Bitgum

Al trije slagge jûnen yn it ramt fan 350 jier Martinustsjerke Bitgum.As jimme dit lêze is de fjirde jûn ek al west mar dêr kin ik no noch neat fan sizze.De earste wie 4 novimber mei “Jubilate” en seleksje fan “Looft den Heer” in beheind ploegje yn it romme koar fan de tsjerke, dat koe moai, dan hat men ek earmslach. En ek it koar tinnet aardich út, it is noch krekt net in dûbeldkwartet, mar ferrin troch âldens en minder belangstelling soarget dat it ledetal stadichoan ytser wurdt. Net tsjinsteande dat, wie de jûn slagge en de opkomst yn tsjerke goed.De twadde jûn sneon 12 novimber, mei “Haleluja”en “de Harmonie”, joech in oar byld op it koar yn’e tsjerke, dit wie no goed beset, mooglik hjir en der wat behelpe, mar dat beynfloede de kwaliteit net. In moaie jûn mei in ryk ferskaat oan muzyk dat op in geweldige manier brocht waard.Tige slagge en sa as guon minsken nei ôfrin seinen, dit kin wolris wer.

De tredde jûn, wer muzyk, mar wol heel wat oars, muzyk foar de âldere jongeren.Mar ek de generaasje fan no harket, ek al witte se it faak sels net, geregeld nei muzyk út de jierren 60 en fine dat wol moai. Dizze jûn wie foar “Hjirris” In top groep fan 5 man sterk, dy’t it bringe as stiene de Beatles, Stonnes, Monkees, Kings en neam mar op, yn levende lijve foar je. In geweldige jûn mei muzyk dy’t tinkt my, nea, mar dan ek nea ferdwine sil.
Klaas Abe

terug