Stichtingen
![]() Beste gemeenteleden De stichting de Krobbe der út docht noch hyltiid tige har bêst alle baltsjes heech te hâlden. Sa as jimme witte giet it mei de rinte net sa super en de oandielen geane op en del. Wat dat oanbelanget binne ús ynkomsten net ferskriklik heech. Troch tûk te buorkjen kinne we alle baltsjes noch netsjes heech hâlde mar as der minsken binne dy ‘t ús derby helpe wolle kin dat natuerlik altyd troch ús finansjeel te stypjen. De stichting hâldt har betrouwen dat as we de skeppe net te fol dogge it allegearre ek yn de takomst wol goed komt. Yn de takomst hoopje we noch altyd de pastorij nochris op te knappen mar dan moatte we earst noch wat sparje, dus as jimme ús stypje wolle, graach. Ús bestjoersleden binne: Foarsitter: Grietje Sijbesma Skriuwer: Jelle Hogenhuis Ponghâlder: Jan Kuppens Leden: Ineke Hogenhuis, Hiske Bouma Minsken dy ‘t ús stypje wolle kinne dat dwaan troch in bedrach oer te meitsjen op rekken NL50RABO0313200777 t.n.v Stichting ‘de Krobbe der út’. | ||
terug | ||